‘Kom mar op!’ presintearret: 

Winter Woarst Aksje

op saterje 29 oktober!

De neisimmer is begûn. Hearlik gesellich en smûk op it bearefeltsje by de kachel mei in glühwein of waarme poeiermolke en in lekkere droege woarst fan Kom mar op! Dernei in lekkere Kom mar op! reekwoarst yn de stamppot.

Op 29 oktober tusken 10 en 12 komme wy by jimme del mei hearlike reekwoarsten en droege woarsten. Freegje oan de doar nei de spesjale oanbieding!

Primeur: dit jier ha wy foar de leafhawwers ek fegetaryske woarst!!

 

 

Nije regisseur Kom mar op! 

De Uitmarkt is de start fan it kulturele seizoen en dernei is ek Kom mar op! wer mei de repetysjes úteinset. Dit jier is Nynke Talsma de nije regisseur fan it winterstik. Jimme kinne Nynke allegearre al as spiler fan Kom mar op! Sa is se yn it ôfrûne seizoen noch ynfallen foar de blessearre Petra. Nynke is it lêste skoft mear dwaande mei har regisseurskarrière as mei har spilerskarrière. Se is yn 2014 ôfstudearre oan de regisseursoplieding fan Keunstwurk. Dit wie mei in jûnfoljend stik by it selskip fan Nyegea. Dernei is Nynke noch in jier by Nyegea as regisseur bleaun. Ferline jier hie Nynke in sabattical yn ferbân mei oare drokte, mar se sjocht no út nei de útdaging by Kom mar op!

 

De Foksejacht

 

Dit jier spilet ‘Kom mar op!’ it blijspul De Foksejacht skreaun troch de ferneamde Belgyske skriuwer Hugo Claus en yn it Frysk oerset troch Jikke de Haan. De Foksejacht is basearre op it stik Volpone fan Benjamin Johnson, in klassiker út it jier 1605.

De Foksejacht is in meedogenloze satire weryn it draait om hebsucht en lust. Volpone, in stienrike keapman fan Turkse komôf, ferfeelt him sa dat hy yn Venetië rûngean lit dat er slim siik is en dertroch net lang mear te libjen hat. Fage freonen ha der in soad, in hiel soad, foar oer om yn it testamint fan de stienrike stjerrende terjochte te kommen. Letter mear oer hoe at dit ferhaal fierder giet... It is in prachtich stik en wy ha no al in soad wille op de repetysjes!

 

 

 

 Knopen socht foar de Foksejacht 

Foar de foarstellings fan Kom mar op! binne in soad rekwisieten nedich. Dizze kear kinne jimme ús helpe. Sjoch ris yn de âlde breidoaze nei de knopen dy’t der al jierren lizze. Miskien binne se alhiel net mear yn de moade en wurde se noait mear brûkt. Yn dat gefal wolle wy se graach fergees oernimme en sjogge jimme se werom yn ús foarstelling De Foksejacht!

Knoopke 1, knoopke 2, tel jimme knoopkes en nim kontakt mei ús op want wy kinne se goed brûke!

Útfierings Foksejacht

Datum Tiid  Opmerking
Freed 03 febrewaris 20 oere  Premiêre
Freed 10 febrewaris 20 oere  Jûnsfoarstelling
Snein 12 febrewaris 15 oere  Matineefoarstelling
Freed 17 febrewaris 20 oere  Jûnsfoarstelling
Saterje 18 febrewaris 20 oere  Jûnsfoarstelling

 

Kom mar op! spile ‘De Bolle fan Suwâld’ 

 

Wy binne bliid mei de grutte opkomst en de entûsjaste reaksjes op de Bolle fan Suwâld.

It is fansels elts jier tige spannend hoe at it allegearre ferrinne sil, seker mei in nij selsskreaun stik.

Mar ek nei in blessuere binne de foarstellings geweldich trochgong.

Allegearre tige tank!

De karmasters dy’t ús stik beoardielt ha wiene ek posityf en hawwe ús stik goed beoardielt.

Op 28 april sille wy mei-inoar nei de slútjûn fan it STAF wêr de útslach fan alle dielnimmende stikken bekind makke wurd.

Wy binne benijd!