Kom mar op! spilet ‘de man dy’t himsels tekoart die

 

Kom mar op! is oan it repetearjen foar it nije winterstik ‘De man dy’t himsels tekoart die’. Dit is in yn it Frysk oersette kluchtige komeedzje mei in swart rantsje. It stik is skreaun troch de Russyske skriuwer Nikolaj Erdman (bewurking Hans Brans). Nynke Talsma hat de rezjy yn hannen en hat de teksten bewurke nei de hjoeddeistige tiid.

 

Útfierings ‘De man dy’t himsels tekoart die’

Datum Tiid  Opmerking
Freed 09 maart 20 oere  Premiêre
Freed 16 maart 20 oere  Jûnsfoarstelling
Saterje 17 maart 15 oere  Matineefoarstelling
Freed 23 maart 20 oere  Jûnsfoarstelling
Saterje 24 maart 20 oere

 Jûnsfoarstelling

Dernei Old but Gold!

 

 

 

 

 

Simen is in ienfâldige arbeider dy't it swier hat mei it feit dat syn frou him finansjeel stypje moat en dat syn skoanmem by harren ynwennet. Hy fielt him bûtensletten, oerstallich, wanhopich. Hy sjocht mar ien útwei: selsmoard! Yn earste ynstânsje lit hy eltsenien yn dizze waan. Wannear der in oantal frjemden oer de flier komme dy't Simen syn foarnimmem foar eigen doelen brûke wolle, begjint Simen him in bytsje in held te fielen, mar doart hy dizze rol oant de ein te spyljen?

 

 

 

**************************************************************************************************************************************

 

 

 

 

 

 

 De Foksejacht

Útfierings Foksejacht

Datum Tiid  Opmerking
Freed 03 febrewaris 20 oere  Premiêre
Freed 10 febrewaris 20 oere  Jûnsfoarstelling
Snein 12 febrewaris 15 oere  Matineefoarstelling
Freed 17 febrewaris 20 oere Jûnsfoarstelling
Saterje 18 febrewaris 20 oere  Jûnsfoarstelling

 

Sjoch foar kaarten by tabblêd Reservearrings/Kontakt

 

 

 

Dit jier spilet ‘Kom mar op!’ it blijspul De Foksejacht skreaun troch de ferneamde Belgyske skriuwer Hugo Claus en yn it Frysk oerset troch Jikke de Haan. De Foksejacht is basearre op it stik Volpone fan Benjamin Johnson, in klassiker út it jier 1605.

De Foksejacht is in meedogenloze satire weryn it draait om hebsucht en lust. Volpone, in stienrike keapman fan Turkse komôf, ferfeelt him sa dat hy yn Venetië rûngean lit dat er slim siik is en dertroch net lang mear te libjen hat. Fage freonen ha der in soad, in hiel soad, foar oer om yn it testamint fan de stienrike stjerrende terjochte te kommen. Letter mear oer hoe at dit ferhaal fierder giet... It is in prachtich stik en wy ha no al in soad wille op de repetysjes!

 

 

 

 

Nije regisseur Kom mar op! 

De Uitmarkt is de start fan it kulturele seizoen en dernei is ek Kom mar op! wer mei de repetysjes úteinset. Dit jier is Nynke Talsma de nije regisseur fan it winterstik. Jimme kinne Nynke allegearre al as spiler fan Kom mar op! Sa is se yn it ôfrûne seizoen noch ynfallen foar de blessearre Petra. Nynke is it lêste skoft mear dwaande mei har regisseurskarrière as mei har spilerskarrière. Se is yn 2014 ôfstudearre oan de regisseursoplieding fan Keunstwurk. Dit wie mei in jûnfoljend stik by it selskip fan Nyegea. Dernei is Nynke noch in jier by Nyegea as regisseur bleaun. Ferline jier hie Nynke in sabattical yn ferbân mei oare drokte, mar se sjocht no út nei de útdaging by Kom mar op!

 

 

 

 

 Knopen socht foar de Foksejacht 

Foar de foarstellings fan Kom mar op! binne in soad rekwisieten nedich. Dizze kear kinne jimme ús helpe. Sjoch ris yn de âlde breidoaze nei de knopen dy’t der al jierren lizze. Miskien binne se alhiel net mear yn de moade en wurde se noait mear brûkt. Yn dat gefal wolle wy se graach fergees oernimme en sjogge jimme se werom yn ús foarstelling De Foksejacht!

Knoopke 1, knoopke 2, tel jimme knoopkes en nim kontakt mei ús op want wy kinne se goed brûke!

Útfierings Foksejacht

Datum Tiid  Opmerking
Freed 03 febrewaris 20 oere  Premiêre
Freed 10 febrewaris 20 oere  Jûnsfoarstelling
Snein 12 febrewaris 15 oere  Matineefoarstelling
Freed 17 febrewaris 20 oere  Jûnsfoarstelling
Saterje 18 febrewaris 20 oere  Jûnsfoarstelling