‘Kom mar op!’ is in jong toanielselskip. 

It selskip is yn 2001 úteinset nei it ophâlden fan de foarrinner ‘It iepen doekje'.

Earst fansels mei hielendal neat, mar yn de ôfrúne jierren ha wy stadichoan in selskip opbout mei in bestjoer, regisseur, meiwurkers foar alle dissiplines en erfaren en nije spilers yn alle leeftiden. 

Wy spylje elts jier in winterstik en in ienakter mei it folwoeksenentoaniel. 

Sûnt 2009 hat ‘Kom mar op!’ in jongereintoaniel-ôfdieling mei in eigen regisseur. 

Hjiroan nimme jeugdleden diel fan de lêste klassen fan de basisskoalle en de earste klassen fan it fuortset ûnderwiis. 

Der is de ôfrúne jierren ynvestearre yn opliedings, ljocht en lûd om binnen de mooglikheden dy’t wy ha it selskip nei in heger plan te  bringen.