
IEPENLOFTSPUL SUWÂLD '25

Yn septimber 2025 sille wy it klassike stik 'De ballade fan in tryst kafee' fan Edward Albee (bekend fan Who's Afraid of Virginia Woolf?) opfiere. Wy hawwe der sin oan! Folgje ús op Facebook en Instagram foar fideo's fan ús proses.
Regy: Grytha Visser | Oorspronkelijke titel: "The Ballad of the Sad Café" fan Carson McCullers | Bewerkt voor toneel door Edward Albee | Deze amateur productie wordt gebracht i.s.m. Auteursbureau ALMO bvba
17, 19, 20, 25, 26, 27 septimber 2025
Yn De ballade fan in tryst kafee sjogge wy Rike Hottinga, in eigensinnige frou. Sy nimt in nije gast yn har hûs op, en mei syn komst komt der libben yn 'e brouwerij. Lykas't se har hert iepenet foar de leafde, iepenet ek it doarp, en feroaret har winkel yn in kafee.
Dit kafee wurdt in plak fan ferbining, wêr't wille en fertriet ticht byinoar lizze. Mar as Rike har eks-man weromkomt út de finzenis, rinne de spanningen op. It ferhaal giet oer de hurdens fan it libben sels, oer fertrouwen en de leafde.
Dit is in werkenber ferhaal foar elkenien. Wy witte hjir yn Suwâld hoe wichtich in kafee wêze kin foar de libbendigens fan it doarp. Miskien is it mar in ferhaal. Of dochs net...?
Kom, doch ek mei!
Om ús foarstellingen in sukses te meitsjen, hawwe wy nije frijwilligers nedich. Hawwe jo in kreatyf each en wolle jo ús webside oanpake, of binne jo in pro mei Mailchimp? Of miskien wolle jo oare taken oppakke lykas fotografy of it soargjen foar finansjele stipe? Wy kinne net sûnder jo!
Mail ús: kommaroptoaniel@gmail.com
Mede mooglik makke troch o.a.: Gemeente Tytsjerksteradiel, Provinsje Fryslân, Fonds Oranjewâld, en ús sponsoren lykas Piet Gosse Hoekstra (wêr't wy bouwe meie yn de loods!).
By ús iepenloftspul is ringlieding oanwêzich
foar minsken dy't
net goed hearre kinne
Informaasje
Data:
17, 19, 20 en 25, 26, 27 septimber'25
Lokaasje:
Noarderein 22, Suwâld
Oanfang foarprogramma:
?
Oanfang foarstelling:
?
Reguliere kaart
€22,95
Rappe rige kaart | sykje as earste in plak út!
€?
Stipers | incl. de rappe rige
€?
Bern
€?
Wy binne in lyts selskip mei grutte ambysjes
Bestuursleden: Jan Visser (Voorzitter), Nynke Talsma (Penningmeester), Mirjam Ros (Communicatie), Patrick Mulder (Bestuurslid) & Mirja Hoogstra (Bestuurslid)
Wij heten je van harte welkom!
Vragen? Mail : kommaroptoaniel@gmail.com

Vragen?
kommaroptoaniel@gmail.com
Archief
JONGEREN VOORSTELLING
ZATERDAG 8 FEBRUARI
MIDDERNACHT
Regie: Esmee de Haan
Jongeren van 10 tot 14 jaar
Locatie: Suderfinne, Dorpshuis Suwâld
Datum: 8 februari 2025
Tijd: 19.30 uur (vanaf 19.o0 uur deur open & voorprogramma door de jongsten)
Wanneer in een rustig dorp een vooraanstaand man vermoord is en de politie bij het zoeken naar de dader op het verkeerde spoor dreigt te raken, zorgt een detective in ruste op vernuftige wijze voor de ontknoping.
JONGEREN
DE BASIS GROEP
Regie: Grytha Visser | Basisschool vanaf groep 4
In deze groep heb je geen ervaring nodig, de focus ligt op spelplezier. Deze groep verzorgt het begin van de avond. Laat u verrassen!
Jongeren kunnen doorstromen naar het volwassentoneel van Kom mar op!
Sturtkikkertsjes | April 2024
"wy ha in noflike jûn hân mei hylariske sketches"
Kafee de Jister - Fan't simmer troffen in pear âld spiler fan Kom mar op! inoar en ûntstie it idee om wer in winterstik op de planken te setten. Yn de Suderfinne, mei spilers út ús eigen doarp. Nei de brân yn de Suderfinne moasten wy de plannen wat oanpasse. Mar ynmiddels wurd drok repeteare foar in gesellige jûn. In jûn mei sketches, ienakters en sels 'stand-up'.

Pandarello | September 2023

Unyk reizgjend iepenloftspul fan Suwâld yn gearwurking mei Wyns & Bakkefean.
In foarstelling oer it ferneamde, yn ferfal rekke sirkusselskip 'Pandarello'.
Ynklusyf gratis foarprogramma en 3 parades!
Skriuwer: Hans Brans
Rezjy: Grytha Visser
Dekor en Kostúms: Marysia Jaworski
Lûdsûntwerp: Omar Bakker
In reizgjende iepenloftfoarstelling, oer it yn ferfal rekke sirkusselskip Pandarello. Wat in útdaging! Yn gearwurking mei entûsjastelingen út de trije doarpen liket it in wier spektakel te wurden.
"Wat in útdaging. Dit is, foar safier't wy witte, in primeur; in reizgjend iepenloftspul! Wy ferbine ús mei oare doarpen en sykje nei fernijing yn it Frysk toaniel. Pak dyn kâns, doch mei, en kom manmachtich nei de parade!"
Bestjoer fan Kom mar Op!
Op 20 septimber set it nije iepenloftspul fan Kom mar Op! útein yn it mearkeseftige Suwâld. Dêrnei reizget it ôf nei it wondermooie Wyns. As lêste slacht it syn kampemint op yn it bûtengewoane Bakkefean. In parade fan wenweinen, ridende dekôrstikken en lokale talinten sil yn in optocht troch it doarp kuierje nei it terrein, wêr't it publyk genietsje kin fan in foarprogramma. Dizze bysûndere produksje fol ferfrjemding, ferwûndering en ferdjipping is geskikt foar alle leeftiden.
Reizgjend iepenloftspul
ynklusyf parade
It ferhaal begjint mei in famke dat pakjes besoarget by in sirkusselskip, dêr 't de tinte koartlyn ynstoart is. De hope op sukses is sûnt dy tiid ferdwûn. Se moetet ferskate personaazjes, dy 't har helpe om de mysterieuze boadskip fan de pakjes te ûntsiferjen. In pakje foar Signor Pandarello is gjin gewoane foarstelling; it is in oade oan de magy fan de fergonklikens en de krêft fan hope. Reservearje jo kaarten en lit jo ynspirearje!
In unike, melangolyske en ûnderhâldende foarstelling dêr't jong en âld yn meispilet.
Kom mar op!" is oertsjûge dat In pakje foar Signor Pandarello it publyk ferwûnderje en fermeitsje sil. Men nûget elk fan herte út om dizze unike foarstelling mei parade te besjen. Kom mar op mei dy reservearringen!
Stap yn de wrâld fan Sirkus Pandarello en lit jo betoverje troch it, ietwat krakkemikkiche, selskip.


DE PARADES & IT FOARPROGRAMMA BINNE FOAR ELKENIEN FERGEES TAGONKLIK!
Yn elk doarp sil it selskip in optocht hâlde dêr't mei lokale entûsjastelingen en ferienings gearwurke wurdt. Der wurdt yn 3 doarpen efter de skermen hurd wurke om jo in stikje magy en ferwûndering te bringen, dus noch efkes geduld! Foar de aardichste blik efter de skermen klik hjir: Facebook & Instagram


De gelaarsde poes | 2023

Regie: Grytha Visser
Durf jij je ware gezicht te laten zien? De Gelaarsde Poes gaat over het hebben van twee gezichten: wat je aan de wereld laat zien versus wie je daadwerkelijk bent. Daarin zijn we allemaal met dezelfde vragen bezig, dragen we haast allemaal dezelfde kleding en is iedereen vormloos totdat...? Totdat er iemand op staat en durft te laten zien aan de wereld wie hij echt is.
De voorstelling is voor alle leeftijden geschikt. Er spelen 20 jongeren maar ook 3 volwassen acteurs in mee; een primeur! Kom mar Op! zoekt hiermee naar verbinding & vernieuwing binnen het dorp en in het (friese) toneel. Onze jongeren spelen straks een actieve rol in het (reizende) iepenloftspul wat in September georganiseerd wordt. Op deze manier wordt de passie voor theater doorgegeven aan de volgende generatie en blijft Kom mar Op! innoveren.
HET VERHAAL VAN DE GELAARSDE
Als Jaap (Anouk Braaksma) alles kwijtraakt wat hij had, kan hij nog maar op één vriend vertrouwen: zijn gelaarsde Poes. (Martha Prins). Samen trekken ze door een vreemd land, op zoek naar eten en werk. Door de slimme streken van Poes weten de twee in no time het vertrouwen van de koning (Wilma Bouma) te winnen. Maar is alles wel zo mooi als het lijkt? Is de prinses (Siska Wouda) wel zo lief als ze er uit ziet? Kan een reus (Mirjam Ros) ook een muis zijn? En is James Blond (Silke Kirchner) wel zo'n stoere redder in nood?
De Gelaarsde Poes is oorspronkelijk een musicalvoorstelling van het Ro Theater uit 2015. Het is een bewerking van De gelaarsde kat, geschreven door Don Duyns. Er wordt voor het eerst gespeeld op twee verschillende locaties: niet alleen in Suwâld maar ook in Theater de Bres, te Leeuwarden; kom dat zien! Het is zeker de moeite waard!
Nieuwsgierig geworden? Leuk! Nodig gezellig iemand uit, regel je kaartjes via de site en support op deze manier onze toekomstige theatermakers. Kom gekleed in stijl van James Bond, feestelijk of casual, wees vooral lekker jezelf. Spandoeken, luid applaus, alles mag. Ga voor een kleine donatie op de (polaroid) foto en maak kans op een prijs tijdens onze loterij, de opbrengsten hiervan gaan naar het jongerentoneel. Na afloop bent u van harte welkom voor een gezellige borrel.
Deur open: 19.30 uur
Aanvang voorstelling: 20.00 uur
Kaarten €10 - kind tot 12 jaar €7,50
Donateur? = €2,50 korting op uw kaart (alleen geldig voor degene die zelf donateur is)
Meer info over lestijden en groepen klik hier >
Het jongerentoneel bruist in Suwâld. Speelt uw zoon of dochter volgend jaar ook mee?

Wel eens gedacht dat het je leuk lijkt om iets met theater te doen? Zoek contact! We hebben je er graag bij.
Lang & Gelukkig - Maart 2022
Op hoop fan segen - September 2021

Knierke Vermeer is een, 61 jarige, vissersweduwe die al een man en twee zoons heeft verloren aan de zee. Ze is bang voor de schande die over haar zal komen als bekend wordt dat haar jongste zoon Barend naar het schip de "Hoop fan Segen" gesleept moest worden. Dit gaat zelfs zo ver dat ze haar zoons niet meer durft uit te zwaaien.... Lees meer>
Oera Linda - 2019 & de STAF Toanielpriis 2018

WIJ DANKEN ONZE SPONSORS

Gemeente Tytsjerksteradiel - www.t-diel.nl
Provincie Fryslân - www.fryslan.nl
Rabobank - www.rabobank.nl
New Nexus - www.newnexus.nl
Kinderopvang Lytse Pykjes - www.delytsepykjes.nl
Focus Verzekeringen - Tel. 06-81907531
Pedicure Wilma Bouma - www.pedicurewilmabouma.nl
Bouwbedrijf Maatwurk - Tel. 06-23282344
Rodenburg Projectleiding - www.rodenburg-projectleiding.nl
Van der Meulen Suwâld - www.vandermeulensuwald.nl
Hollema Bouw bv - www.hollemabouw.nl
Postma's oliehandel - www.postmasoliehandel.nl
Boekhandel Burgum - www.boekhandelburgum.nl
Tjalma auto's - www.tjalma-autos.nl
Drankenspeciaalzaak Jelle - www.drankenspeciaalzaakjelle.nl
Onderhoudsbedrijf Braaksma - www.onderhoudsbedrijf-braaksma.business.site
DDFr IT infra & security - www.ddfr.nl
Poiesz Supermarkten - www.poiesz-supermarkten.nl

GOUDEN GURBES
De Leeuwarder Courant reikt ieder jaar in oktober de felbegeerde Gouden Gurbes uit. Dit zijn de 'Oscars' van de Fryske Iepenloftspullen. Een onafhankelijke jury beoordeelt de voorstellingen. Maar ook uw mening telt, want de toeschouwers bepalen wie de publieksprijs ontvangt. Doe daarom mee en geef uw beoordeling!
Contactpersonen:
Jan Visser (voorzitter)
Nynke Talsma (penningmeester)
Mirjam Ros (communicatie)
Patrick Mulder (algemeen lid)
Mirja Hoogstra (secretaris)
E-mailadres
kommaroptoaniel@gmail.com